Er zijn nog geen wedstrijdverslagen.
Er is nog geen klassement beschikbaar.
It skûtsjesilen yn Fryslân heart by de top fan de Nederlânske toeristyske eveneminten. Alle jierren wurde yn de noardlike boufakfakânsje troch fjirtjin skûtsjes alve wedstriden syld yn de striid om it SKS-kampioenskip. Skippers en bemanningen stride fol fjoer om de o sa begearde kampioenswimpel en in prachtige wikseltrofee: it Sulveren Skûtsje. It giet om de eare fan stêd, doarp of streek! Startend mei in wedstriid op de Pikmar / de Wide Ie by Grou wurdt fia De Feanhoop, Earnewâld, Terherne, Langwar, Ealahuzen, Starum, Wâldsein en De Lemmer nei fjirtjin dagen de striid op de Snitser Mar by Snits besljochte.
Skûtsjesilen is synonym oan sylwedstriden mei âlde frachtskippen. Platboaiems, dy’t oan it begjin fan de foarige iuw boud waarden om turf, stront en oare lading oant ticht by de buorkerijen te bringen. Dêrfoar moasten de skippen ûndjippe fearten yn. Dêrom waarden dy sylskippen dan ek lang en plat makke. Faasje en manûvrearberheid binne skaaimerken fan in skûtsje, en dêrtroch is dat type skip bûtengewoan geskikt foar it silen fan wedstriden. Flot antisipearje op fraach en oanbod en op wikseljende waarsomstannichheden wie doedestiids in deistige striid. Yn barre tiden sylden de skippers, meastal op útnoadiging fan lokale kastleins, wedstriden om wat ekstra sinten te fertsjinjen. Famylje en húsrie waarden dêrfoar út it skûtsje helle en op ’e wâl achterlitten.
Dy wedstriden foarmje de basis fan it organisearre skûtsjesilen fan de SKS (Sintrale Kommisje Skûtsjesilen). En noch altyd binne de skippers fan de dielnimmende skûtsjes stik foar stik streekrjocht ôfkomstich út alâlde Fryske skippersgeslachten. Meielkoar wolle sy de tradysje fan it hurdsilen mei klassike Fryske platboaiems yn eare hâlde. Elke simmer wurdt sa twa wiken lang TOPSPORT bedreaun, net samar as folkloare, mar écht op it skerp fan de sneed. Fol passy wurkje jong en âld harren oan board fan de skûtsjes yn it swit. En by de kant lâns libje ferskate generaasjes, as bruorren neist elkoar, mei mei de ferrjochtingen fan skippers en bemanningen. De spanning en boppe-al ek de gesellige sfear soargje derfoar dat skûtsjesilen foar jong en âld in unike ûnderfining is.
De SKS-wedstriden binne troch it wedstriidfjild fan fjirtjin skûtsjes oersichtlik. De wedstriden binne goed te folgjen fan de wâl ôf, of fanôf (rûnfeart)boaten lâns it wedstriidfjild. De skippers litte sjen dat se net benaud binne om de útdaging oan te gean mei sawol ûndjippe en smelle wetters (lykas by Grou, De Feanhoop en Earnewâld) as mei it romme wetter (lykas û.o. Snitser Mar en Iselmar). Binnen de SKS wurdt syld neffens autentike en histoarysk ûnderboude regels. Wiidweidige en spesifike ynformaasje oer dy regleminten is te finen op de webside.
It is mooglik om alle wedstriden rjochtstreeks fia ynternet te besjen. Wrâldwiid kin men fia it Track&Trace-systeem op in kaart de posysjes fan alle fjirtjin skûtsjes goed folgje. In grut sukses, sa docht bliken út de entûsjaste reaksjes. Alle dagen logge tusken de 10.000 en 16.000 skûtsjeleafhawwers fan oer de hiele wrâld yn. It ynternetprojekt lit sjen dat it SKS-skûtsjesilen folop yn beweging is en meigiet mei de foardielen fan de moderne tiid. Dêrneist sil de SKS altyd noed stean foar it hanthavenjen fan de autentisiteit fan de skûtsjes. Gean foar de spesjale Track&Trace link nei: www.skutsjesilen.nl.
Fia de spesjale SKS Skûtsje app kin elkenien nijsberjochten, ferslaggen, útslaggen en klasseminten op smartphone of tablet ûntfange. De fergese SKS Skûtsje app is te downloaden yn de App Store of fia Google Play.