Sintrale Kommisje Skûtsjesilen
  • Frysk
  • Deutsch
  • English
  • Français
Zoeken
  • Skûtsje
    Journaal 2021
  • SKS jubileumboek
    Bestel nu!
 
 
Wedstrijdverslagen

Er zijn nog geen wedstrijdverslagen.

Klassement 2022

Er is nog geen klassement beschikbaar.

Dokter Gerrit Verbeek ferstoarn

Gepubliceerd: donderdag 23 december 2021 om 19:07 uur

Op 22 desimber 2021 is, rêstich yn syn sliep, Gerrit Verbeek ferstoarn yn Makkum. Hy wie 98 jier. De hiele float koe him net as Gerrit, mar as ‘dokter’. Hy wie eartiids nammentlik húsdokter yn Warns en Starum. Dêr learde hy skipper Klaas van der Meulen kinnen. Verbeek hie belangstelling foar de skipperskeunsten, want hy wie al fanôf syn jeugd siler yn Langwar. Van der Meulen loadste him mei yn it SKS-skûtsjesilen. Yn 1957 wie Verbeek ien fan de mannen dy’t soargen dat it âlde skip fan Teake Salverda wer yn de float kaam. Dêrmei wie Van der Meulen al in pear kear kampioen wurden, mar dat koe hy nei 1957 net herhelje. Doe’t Klaas van der Meulen yn 1965 in eigen skûtsje keapje woe, krige hy dêrby de stipe fan dokter Verbeek, dy’t meibetelle om it skip oan te skaffen. It is oant de dei fan hjoed it Wâldseiner skûtsje fan de famylje Van der Meulen.

Gerrit Verbeek hearde ek by dy famylje en wie lange lange jierren bemanningslid. Hy siet oan it swurd en feroare noait, ek al gie it wetter oer him hinne. Sa no en dan waard hy lykwols fan board helle, want dan moast hy as dokter efkes nei in blesseard bemanningslid fan in oar skip sjen.

Gerrit Verbeek siet fanôf 1964 ek yn it SKS-bestjoer, want hy wie foarsitter fan de wedstriidkommisje yn Starum. SKS-bestjoerder wie hy 25 jier lang. Elk jier hat hy yn de jierlikse ledegearkomste it wedstriidferslach dien. Dan harke de hiele seal ademleas nei ‘dokter’. Hy hat tegearre mei Joop Doevendans ek hiel Nederlân ôfreizge mei prachtige filmbylden fan Bert Haanstra fan it SKS-skûtsjesilen om mear minsken der by te belûken. En dat slagge.

Hy hat hiel lang bemanningslid west, mar ek dêrnei gie hy mei syn Blom-aak altyd noch mei. En seach tefreden hoe’t de SKS-float it wurk fan him en dy oare bestjoerders ôfmakke hat ta it geweldige gehiel wat it no is. Oant de ein ta wie Gerrit Verbeek tige belutsen by de SKS en syn ‘famylje’ op de skûtsjes.  

 

Dokter Gerrit Verbeek

Dokter Gerrit Verbeek tijdens het SKS kampioenschap 2018

 

Tekst: Eelke Lok

Foto: Martin de Jong

 

Overige berichten uit 2021

Deel deze pagina

Hoofdsponsor
Co-sponsoren
Mediapartner
Rondvaarten